Zoekresultaten
Resultaat 161 - 180 (van 240)
Sjoerd Bottema It piipjen fan de proai
Ferhalen
Alve yntrigearjende, tragykomyske ferhalen dy't gauris in bizarre draai krije. Mei syn bytiden broeierige stim lûkt de skriuwer jo mei yn it ferhaal. (...) En doe ynienen, ynspekteur, krigen jo in gouden idee! Ûnsichtbere spoaren? Spoaren dy't der wol leine, mar der net wiene foar de bewensters? Mar hoefolle moaier soe it wol net wêze as dy spoaren der wol wiene! As de bewenster op in stuit wat ûntduts dat ûnbegryplik wie, wat subtyls, mar frjemd, in slipke bygelyks, ien lyts slipke, dat ynienen...
Westerlauwers Fries | 8 uur 7 minuten (345 MB) | Utjouwerij Fryslân, Easterwierrum | 2011
Luisterboek (digitaal)
J.R.R. Tolkien De Hobbit
Oersetten troch Anne Tjerk Popkema
Let op: dit luisterboek is Friestalig. It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op 'en paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Ûnder de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen....
Westerlauwers Fries | 8 uur 39 minuten (567 MB) | Elikser, Easterwierrum | 2011
Luisterboek (digitaal)
Durk van der Ploeg Ûnder de Seespegel
Ûnder de Seespegel bestiet yn haadsaak út koarte ferhalen dy't yn it waadgebiet spylje. Durk van der Ploeg jout in sfearfolle ympresje fan it lânskip en fan de faak wat iensume personaazjes dy't syn ferhalen befolkje. Faak lûke dy minsken oan de koartste ein. Lykas de polhoeder fan de Bantspolder yn it ferhaal It Keal. Hy besiket in better takomst foar syn húshâlding te bestribjen yn de krisisjierren fan de foarige ieu. Yn Grûn fan ús grûn skriuwt in frou in brief oan har skoansuster yn...
Westerlauwers Fries | 4 uur 59 minuten (224 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2011
Luisterboek (digitaal)
Hilda Talsma De twadde hûd
Een vrouw van veertig plus, moeder van een opstandige puberdochter en vrouw van een ietwat depressieve en onvruchtbare man, is geobsedeerd door een kinderwens.
Fictie
Westerlauwers Fries | 222 pagina's | Elikser, Ljouwert [Leeuwarden] | 2011
Gedrukt boek
Anders M. Rozendal Hupsakee en oare ferhalen
Columns met een humoristische inslag.
Fictie
Westerlauwers Fries | 221 pagina's | De Fryske Boekeklub, [Oudehaske] | 2009
Gedrukt boek
Bennie Huisman Lytse histoarje fan langst
In het leven van een man werkt nog steeds een onverwerkte dramatische gebeurtenis uit eind jaren zestig van de 20e eeuw door.
Fictie
Westerlauwers Fries | 239 pagina's | Utjouwerij Fryslân, Ljouwert [Leeuwarden] | 2010
Gedrukt boek
Bart Kingma Griene simmer
In een afgelegen streek aan de Friese Waddenkust krijgt een driehoeksverhouding een dramatische afloop.
Fictie
Westerlauwers Fries | 160 pagina's (ePub2, 0,8 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2010
E-book
Bart Kingma Griene simmer
In een afgelegen streek aan de Friese Waddenkust krijgt een driehoeksverhouding een dramatische afloop.
Fictie
Westerlauwers Fries | 159 pagina's | Elikser, Ljouwert [Leeuwarden] | 2010
Gedrukt boek
Jan Schotanus De Traveliers - Fûgelfrij yn de canyon
Der klinkt in lûde knal. 'Hat dy fint in pistoal?' Jelle wurdt bleek om 'e holle. 'Ik wol hjirwei!' 'Nee, stil!' In doar slacht ticht. Hidde en Jelle meitsje har sa lyts mooglik. Se hearre de man praten. Se kinne it net ferstean, mar syn stim klinkt lilk. Hy rint hinne en wer. 'Tsjin wa praat er? Is der nóch ien?' systeret Hidde. Of bellet er?' Se hâlde de siken yn en ha de earen op skerp. Yn dit diel fan de Traveliersrige giet de famylje nei Amearika. Wat is der allegearre oan de hân by de...
Westerlauwers Fries | 2 uur 29 minuten (111 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong De Traveliers - In flitsend hûntsje
De Traveliers is in nije searje spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhanne projekten yn it bûtenlân komme Hidde en Fardau op plakken dêr't it aventoer om 'e hoeke leit. It duorret in ivichheid foar 't Hugh werom is. Hy sjocht bleek en ropt fan fierren: 'Sweep is fuort.' Syn mem besiket him del te bêdzjen, mar se kin it net helpe dat har stim ûngerêst klinkt. 'Ho, even rêstich. Wiene Katy-en-dy...
Westerlauwers Fries | 2 uur 56 minuten (198 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Roald Dahl Jappy en it sûkeladefabryk
Oersetten troch Jan Schotanus
It ferneamde boek fan Roald Dahl, dat ek as fideo in protte bekendheid krigen hat, fertelt it ferhaal fan lytse Jappy, dy't mei pake Jan nei it fabryk fan Willy Wonka giet. Nei't Jappy it fyfde Gouden Tagongskaartsje wûn hie, wêrmei't er tagong krige ta de wûnders fan mynhear Wonka's Sûkeladefabyrk, kaam er yn in wrâld telâne fol geheimsinnige en geweldige ferrassings. Dat sil ek barre mei alle nije harkers fan dit meislepende en ferbjusterjende boek, dêr't al mear as in heal miljoen fan...
Westerlauwers Fries | 3 uur 24 minuten (215 MB) | Koperative Utjouwerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Rink van der Velde De Fûke
It ferhaal oer de ynbannige fiskerman dy’t troch de Dútsers oppakt wurdt en ûnder it ferhoar hieltyd fierder yn de ‘fûke’ bedarret, boeit de lêzers no al hast fjirtich jier. Mei rjocht en reden! It boek lei Rink van der Velde tige nei oan it hert. De roman ferskynde yn it Nederlânsk, Ingelsk en Oekraynsk. Yn 1999 kaam de film út, mei Rense Westra yn de haadrol en Steven de Jong as regisseur. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Westerlauwers Fries | 2 uur 45 minuten (230 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Meindert Bylsma Fan flierefluiters en droechstinners
Kremearkes
Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed. Krekt as yn mearkeboeken stappe yn dit nije boek fan Meindert Bylsma keningen, reuzen, kabouters en bisten om. It is dan ek in 'mearkeboek', mar Bylsma neamt syn ferhalen kremearkes (krekt mearkes). It binne mearkes op syn wize en hy toant him dêrby tige fantasyryk en in skriuwer dy't it boartsjen mei de taal yn it bloed sit. Dat it 'krekt net mearkes'...
Westerlauwers Fries | 4 uur 27 minuten (288 MB) | Koperative Utjouwerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Greet Andringa De diggels fan Che
Ik wit net mear hoe't syn stimme is. Hy hie ek nea in soad wurden nedich. Dochs wie er dúdlik. Linen, paraboalen, fan alle libben ûntdiene abstraksjes belânen út it boek, fan it boerd, yn ús hollen, op ús proefwurkbledsjes. En dêr hie hy sûnder mis wat mei te krijen. Der kamen earst fiven en seizen doe't wy in oare dosint krigen yn de fjirde. 'Sorry,' seit in frou dy't my mei har koffer yn 'e hoksen rekket. It docht sear. Syn jas is as de pels fan in rôfdier op 'e strún: tûkjes bliuwe...
Westerlauwers Fries | 3 uur 29 minuten (160 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Sietse de Vries Kûgels foar Kant
Sietse de Vries skriuwt misdiedferhalen dy't jo net mear dellizze as jo ienris begûn binne te lêzen. 'Kûgels foar Kant' is spannend en hâldt tagelyk de maatskippij oan it begjin fan de 21ste ieu kritysk tsjin it ljocht. Krekt as resjersjeur Jurre Stapensea stadich fuort driget te glydzjen yn in midlifecrisis, komt er yn 'e kunde mei terrasfilosoof Hedzer Benedictus. Dy hat in eigenaardige teory ûntwikkele oer de ûndergong fan de wrâld, ûntliend oan de filosoof Kant. Stapensea rekket sa fan...
Westerlauwers Fries | 7 uur 2 minuten (482 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Joop Boomsma Ien foar de wraak
De earste deis fan de maitiidsfakânsje wurdt yn in Ljouwerter MAVO it lyk fûn fan in learaar. In ûngelok? Of is der sprake fan opsetsin. De polysje siket en ûndersiket, mar kriget gjin inkeld hâldfêst. It liket der op dat de krekte tadracht yn 'e dize hingjen bliuwt. De dea fan Arnold Hagen sil in riedsel bliuwe. Jaap Dykstra, kollega, mar benammen freon fan it slachtoffer, leit him dêr net by del. Hy hat ûndertusken sa syn fermoedens en nimt de tried op dy't de plysje slûpe litte moast....
Westerlauwers Fries | 3 uur 14 minuten (210 MB) | Friese Pers Boekerij, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Anders Rozendal Hupsakee en oare ferhalen
'Yn in foarich libben haw ik in grut seeman west,' sei omke. Neffens muoike wie dat lichtsinnich praat. En doe't wy omke mei de kloet dwaande seagen... Mei it fleurige 'Farre' begjint dizze ferhalebondel, dêr't alderhanne personaazjes yn foarbykomme. Jong en âld, en alles wat dêr tuskenyn sit. Elk, mei syn eigenaardichheden, tekoartkommings of wifelmoedigens, siket it paad troch it libben. Wolris op in wize dêr't men jin oer fernuveret of om skodholje moat. Guon fan 'e 60 ferhalen binne mankelyk,...
Westerlauwers Fries | 7 uur 12 minuten (314 MB) | KFFB, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Help... in hûn
It sil dy mar oerkomme! Dyn bêste freon ferhuzet en dyn suster Lidewij is der wis fan dat in seurderige âldman neist dy komt te wenjen. It pakt hiel oars út. De nije bewenster, Marianne van Klaveren, is in fleurige sjoernalist mei mar twa handikaps: se sit yn in rôlstoel en se is allergysk foar it wurd 'silich'. Der ferskynt in frjemd artikel yn de krante mei har namme derûnder, mar dat se net skreaun hat. It wurdt tiid dat Kasper en Lidewij har der mei bemuoie, fansels mei help fan DJ, in...
Westerlauwers Fries | 3 uur 2 minuten (207 MB) | Afûk, Haarlem | 2010
Luisterboek (digitaal)
Rink van der Velde De oarloch fan Rink van der Velde
Fictie
Westerlauwers Fries | 606 pagina's | Friese Pers Boekerij, Ljouwert [Leeuwarden] | 2010
Gedrukt boek
Arjan Hut Goeie!
taalgids Friesland
Speelse inleiding tot de Friese taal.
Non-fictie
Nederlands | Westerlauwers Fries | 120 pagina's | In Boekvorm, Assen | 2009
Gedrukt boek