Zoekresultaten
Resultaat 41 - 48 (van 48)
Anny de Jong Mentha Minnema en it kattemystearje
Mentha Minnema belânet diskear as hûneleafhawwer mei in protte ferstân fan katten, yn in kattemystearje. Jurjen en Jeltsje Risselade misse harren kat Tsjip en wat dêr dan allegearre oan aventoeren achter wei komt... Ek diskear wer helpt Pyt Pander mei, mar de polysje hie it allinne noait oprêden. Dit ferhaal wurdt foarlêzen troch de skriuwster Anny de Jong. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1998 as achtste diel yn de Mentha Minnema-rige. Inhoud De nijkeap In frjemdsoartige kat A real...
Westerlauwers Fries | 3 uur 16 minuten (222 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Mentha Minnema en it hynstemystearje
Op it hynstekonkoers fan Riis yn Gasterlân wurdt Bearn, in prachtige swarte rún fan acht jier âld, op mysterieuze manier stellen. Marchje en Petra krije aldergeloks de help fan Mentha Minnema by har speurwurk om it hynder werom te krijen. Mar dat liket net bêst... Grate helpt diskear faaks noch wol mear mei as Pyt Pander. Hy is miskien wol fereale en dat lytse hûntsje mei it plakje om it each leveret út en troch ek noch in spoar op. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1992 yn de Mentha Minnema-rige....
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (214 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Lida Dykstra Spegelspreuk
Spegelspreuk is in spannend aventoer oer de freonskip tusken in ûndernimmend prinske en syn lakei, Lodelakei. Ljouwert, 1757 De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe, Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Prinsessehof. Earst ferfeelt Willem him ôfgryslik. Mar dat feroaret as in âld wyfke yn it keunstkabinet fan it paleis in spegelspreuk útsprekt. Troch dy betovering komme, alle kearen as de klok tolve oeren slacht, bisten fan tegels...
Westerlauwers Fries | 2 uur 51 minuten (137 MB) | Aed Levwerd, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jelle Bangma Skoare by FC Top
Skoare by FC Top giet oer de talintfolle David en Jeffrey, dy't gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in scout fan it grutte FC Top út de stêd te sjen. De jonges wurde útnoege foar in oantal proeftrainings en seleksjewedstriden. Der bestiet in grut ferskil tusken de beide jonges. David hat in freeslik fanatike heit dy't alles op alles set foar in fuotbalkarriêre fan syn soan. By Jeffrey wurdt dêr folle relekster mei omgien. Foar him is der mear yn it libben as fuotbalje. Hoe sille de doarpsjonges...
Westerlauwers Fries | 1 uur 53 minuten (122 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it keldermystearje
As de ferhúswein allegearre doazen mei klokken ôfleveret yn it lege hûs njonken de bakkerij, witte Geart en Geeske al, dat der net in gewoane húshâlding komt te wenjen. Mar dat se daliks al yn in aventoer belânje troch Mentha Minnema, dat hiene se ek net ferwachte. Hoe sit dat krekt mei de ûnderierdske gong nei de tsjerke ta? En wa hat de prachtige kandelers stellen út it âlde gebou? Mei help fan Pyt Pander en Grate, losse Mentha Minnema, Geart en Geeske it mystearje op. It boek is oarspronklik...
Westerlauwers Fries | 3 uur 5 minuten (202 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Riemkje Hoogland-Pitstra Mentha Minnema en it wettermystearje
As Mentha in pear dagen mei Geart en Geeske te farren is op de boat fan Pyt Pander, komt se in saak op it spoar, dy't geheim bliuwe moatten hie. Dus falle der klappen en foar't se it goed en wol yn de gaten hat, sitte se oan kop en earen ta yn de misdiebestriding. Dit saakje rûkt net fris, it rûkt nei fisk! Pas nei in protte aventoeren wit Mentha it safier te krijen dat de polysje de boeven (of binne it boevinnen?) ynrekkenje kin. It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997. Inhoud Mentha kin...
Westerlauwers Fries | 3 uur 3 minuten (178 MB) | Afûk, Haarlem | 2009
Luisterboek (digitaal)
Jan Schotanus De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy't jimme no meibelibje kinne yn de persoan fan Beart of Bartholomé de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy of Camelia. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint. It oarspronklike boek is ferskynd yn 2003. Dit boek wurdt foarlêzen troch de skriuwer. Inhoud De stap, de knap...
Westerlauwers Fries | 2 uur 25 minuten (146 MB) | Afûk, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)
Anny de Jong Spikergek
Mette is gek op kompjûters. Op in stuit krijt se in koade en kin se geheime berjochten oer kompjûterfirussen lêze. Se komt yn de kunde mei in firus dat samar fan de digitale de echte wrâld ynglidet. En dan wurdt it spannend. Spikergek ferskynde yn 2002 by Bornmeer. Spikergek wurdt foarlêzen troch Anny de Jong. Foar reaksjes kin maild wurde mei annydejong@hetnet.nl Inhoud Gean der mar foar sitten In âlde bekende Strieltsjes swit en kola Ryp foar de psychiater Grien slym In kâlde oangelegenheid...
Westerlauwers Fries | 2 uur 31 minuten (148 MB) | Bornmeer, Haarlem | 2008
Luisterboek (digitaal)