Zoekresultaten
Resultaat 21 - 40 (van 153)
Trinus Riemersma De fûgel
Yn in Italjaansk doarp komt de fûgel werom... It doarp leit as in roekenêst op in heuveltop. Lang lyn, yn de ûnrêstige tiden, wie dat in pree. It doarp wie ûnnimber foar de fijannen en it woeks út ta it bestjoerlike sintrum fan de krite. Dit is allegear fergiene gloarje. Mear as it oantinken oan it grutte ferline is net bleaun. En tsjustere skiednissen, dêr't nimmen graach oer praat. Lykas oer dy fûgel dy't as in duvel út 'e hel boppe it doarp hong en ûnferhoeds delsaaide. Mar dy fûgel...
Westerlauwers Fries | 1 uur 31 minuten (94 MB) | Venus, Haarlem | 2021
Luisterboek (digitaal)
Meindert Bylsma In balpinne tsjin 'e râne fan it trottwaar
Koartswyl, satire, grutte gedachten, lytse gedachten, de balpinne set Meindert Bylsma oan ta skriuwen. En dan kinne jo alles ferwachtsje. Fan mearkes oant gedichten fan neat. In bysûndere samling fan in orizjinele geast, dy't al ferskate opfallende spoaren neilitten hat yn de Fryske literatuer. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Fictie
Westerlauwers Fries | 50 pagina's (ePub2, 0,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Hilda Talsma De Onnie's en it hynstebal
It libben fan Connie en Bonnie Kamstra stiet op 'e kop troch in ûnferwacht foarfal, wêrtroch de ferhâldings feroarje en op skerp komme te stean. Dat Roos en Hindrik op de pleats passe moatte en de camping Roos oer de hege skuon rint, komt dan ek krekt op it goede momint. De Kamstra's geane derhinne om te helpen en dat bringt de Onnie's yn kontakt mei in hiele oare wrâld, dy fan de hynders. Se ha de smaak al gau te pakken en Connie set Wildrik, in eigenwize Fryske hynst dêr't sels Hindrik net...
Fictie
Westerlauwers Fries | 241 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Wilma Miedema In oare wei, mei oare eagen
Op in dei, as Willemien op har wurk dwaande is mei in folder, giet it net sa't se wol. Se makket in protte flaters mei typen en de tekstyndieling giet ek hielendal ferkeard. Letter hat se muoite mei it autoriden en thús rint se iderkear by de doar op. Har sicht wurdt hieltyd minder en se wurdt der bang fan. De húsdokter stjoert har troch nei it sikenhûs en fia de eachdokter komt se by de neurolooch terjochte. En dan docht bliken, dat se twa harsenynfarkten hân hat. Binnen in tiidsbestek fan twa...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 173 pagina's (ePub3, 3,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Skriuwersboun Nearnewâld
It Skriuwersboun 50 jier
Libben en dea, leafde en haat, gearwurking en oergeunst, mienskip en iensumens: it is allegear te finen yn Nearnewâld. Der wurdt fochten en frijd, rabbe en swijd, wat dat oangiet is it in plak as alle oare plakken op 'e wrâld. Omdat It Skriuwersboun 50 jier bestiet, hat in grut tal Fryske skriuwers en dichters foar harren lêzers dit meartalige Nearnewâld optocht. It útgongspunt wie in tekening fan Laurens Bontes, in sykplaat dêr't elk in detail út keazen hat. It einresultaat is in mearsidige...
Fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (PDF, 19 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2019
E-book
Froon Akker Ik bedoel mar
Sechstjin ferhalen dy't mei ynmoed beheard wurde troch in pensjonearre kondukteur, dat is de ferhalebondel 'Ik bedoel mar!' yn in nutedop. It binne ferhalen dêr't minsken yn konfrontearre wurde mei de ferrassingen dy't it bestean yn 't fet hat. Faak lykje it mar lytse foarfallen, lykas in busreiske troch de Pyreneeën oer wegen dy't like smel binne as dat de bus breed is. Of nim de jongkeardel dy't, ûnderweis nei syn wurk yn in muzykkafee, in filmke makket fan twa sjoppende froulju en der úteinlik...
Westerlauwers Fries | 6 uur 45 minuten (299 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2019
Luisterboek (digitaal)
Koos Tiemersma In aap klimt út de beam
Bobo de aap is ûntsnapt út 'e dieretún om him nei wenjen te setten yn 'e bosk. Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn de fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar, om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy't him yntrodusearret by in nije, populistise beweging. Dan giet it rap. Al gau dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma's, rjochtet er út 'e snackbar fan Harrie Kroket...
Westerlauwers Fries | 7 uur 32 minuten (317 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2019
Luisterboek (digitaal)
Elske Schotanus Wurk
Haadpersoan yn Wurk is Jasper. Hy hat in goeie baan n dat soarget derfoar dat syn libben mear as komfortabel ferrint. Oant de dei dat hy, omreden fan in arbeidskonflikt, dien krijt. It slagget Jasper ynearsten wol om de kop boppe wetter te hâlden, mar hy bedarret stadichoan toch mear yn de marzje fan it bestean. In oare baan fine falt net ta foar in man dy’t tsjin de sechstich rint. Hieltyd mear stekt Jasper tiid en enerzjy yn wat earder net mear as in hobby wie: it skilderjen en tekenjen. Fertsjinje...
Westerlauwers Fries | 7 uur 15 minuten (296 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2019
Luisterboek (digitaal)
Douwe de Bildt De Jorwerter Dweilstikken
De Jorwerter Dweilstikken befettet in seleksje fan de humoristyske, ûntroerende en soms sterke ferhalen dy’t mei fjoer ferteld wurde — kear op kear — oan de stamtafel fan it kafee yn Jorwert. In earbetoan oan it doarp mei syn kleurrike ynwenners: ambachtslju, boeren, middenstanners, dûmnys en notarissen. Douwe Klaas de Bildt (1952,Boalsert) tekene fan 2007 ôf dy kroechferhalen op ûnder de titel ‘Dweilstikken’ foar de Jorwerter doarpskrante De Hiele Toer. Geert Mak yn syn Nawoord (troch himsels...
Westerlauwers Fries | 4 uur 22 minuten (177 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2019
Luisterboek (digitaal)
Charles Dickens David Copperfield
DAVID COPPERFIELD (1850) is mij fan al myn boeken it dierberst, skreau Charles Dickens sels (1812-1870). Dat hat grif te krijen mei syn eigen bernetiid, doe’t er him, krekt as syn haadpersoan David, as lyts jonkje ferret fielde troch de folwoeksenen, dy’t him beskermje moasten, mar dat net dienen. David Copperfield is in typys boek út dy tiid, mei in bûnte samling persoanen. De strange ûngefoelige styfheit Murdstone, mar ek David syn ienfâldige bernefaam Peggotty, dy’t him har hiele libben trou...
Fictie
Westerlauwers Fries | 884 pagina's (ePub2, 1,8 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2015
E-book
Klaas Bruinsma Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma
Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Bruinsma sels. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân, benammen gedichten oer tsjerken. Dêrneist binne der bekende en mear ûnbekende gedichten fan oare auteurs, mei oersettings fan Bruinsma yn ferskate talen, en gedichten út oare talen, oerset yn it Frysk. Treflik binne ek de oersettings fan Aldfryske sangen. Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersettings...
Fictie
Westerlauwers Fries | 182 pagina's (ePub3, 0,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2018
E-book
Eize de Boer Monkeys dilemma
It is 1984 en de krisis hat raar wurk makke. Troch de delgong is de 33-jierrige 'Monkey' syn fêste baan kwytrekke. It slagget him wol om wer oan tydlik wurk te kommen. Moai wurk is dat lykwols net en syn takomst bliuwt ûnwis. Mar de wurdearring dy't er kriget, sawol fan syn wurkjouwer as fan syn kollega's, is in moaie opstekker foar him. Gelokkich is der ek altyd wer de foldwaning dy't him der troch skuort. En fan dy aparte humor op it wurk kin er faak yntins meigenietsje. Mar syn aard hat er net...
Fictie
Westerlauwers Fries | 175 pagina's (ePub2, 1,5 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2018
E-book
Geert Nauta In soarte fan bûgjen
Nei dy iene dei, doe't Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau - in oar wurd ha'k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op 'e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade....
Fictie
Westerlauwers Fries | 161 pagina's (ePub2, 1,3 MB) | Elikser uitgeverij, Leeuwarden | 2018
E-book
Meindert Bylsma Moard yn 'e hite hei
speurdersroman
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan 'e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op 'e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op 'e rin. Resersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro 'de Blomkes' neamd, krije...
Westerlauwers Fries | 3 uur 30 minuten (302 MB) | Audiofrysk, Easterwierrum | 2024
Luisterboek (digitaal)
Pégasus
blomlêzing út 'e Grykse poëzij
Pégasus is it mytologyske, wjokte hynder fan de Muzen. Dêr't syn hoeven de berch Helikon rekken, ûntstie de welle Hippokrènè. Wa't dêrút drinkt, krijt ynspiraasje om te dichtsjen en te sjongen. De blomlêzing befettet gedichten fan Grykse skriuwers út in tiidrek fan 27 iuwen. Dat begint mei in koart fragmint fan Homerus út 750 foar Kr. En beslút mei in moderne dichter út 1950. Yn it fragmint fan Homerus ferliket de dichter blêden mei minsken: se groeie, bloeie en fertoarkje: de gong fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 456 pagina's (ePub3, 7,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Jurjen van der Meer Sin oan
De fersen fan Jurjen van der Meer wurde al tsientallen jierren brûkt yn de heechste groepen fan it basisûnderwiis en foar de foardrachtskriich FeRstival op middelbere skoallen. Yn dit boek bondelet er syn moaiste wurk fan de lêste tiid. De bondel befettet in tal 'Pas op...'-gedichten, mei yllustraasjes fan Maaike van den Akker, in searje 'Op in ...'gedichten, mei yllustraasjes fan Lip Ferwerda en in tritichtal frije fersen. Jurjen hat in oansprekkende, tagonklike styl. It binne fersen mei in knypeach....
Fictie
Westerlauwers Fries | 215 pagina's (ePub3, 11 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Tineke Steenmeijer-Wielenga | Geart van der Meer Obe Postma
in libben dat bloeide nei syn aard
In libben dat bloeide nei syn aard is in twillingboek oer it libben en wurk fan de bekende Fryske dichter en wittenskipsman Obe Postma (1868-1963). It earste diel, 'Al wat ik skriuw, dat is wier bard' is skreaun troch Tineke Steenmeijer-Wielenga en behannelet Postma syn libben, syn komôf en famylje. Brieven en argyfstikken binne hjir wichtige boarnen foar in protte nijsgjirrige feiten oer Postma en syn warberens op it gebiet fan poëzij en wittenskip. It diel 'Fier haw ik myn dreamen weide / En...
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 428 pagina's (ePub3, 8,2 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Hilda Talsma Wyn fan de winners
Wyn fan de winners is it tredde en lêste diel fan de Wyntrilogy. De famylje Kamstra sil besykje om wer yn 'e grutte A-klasse te kommen, mar Ate hat der klauwen oan om alles yn goede banen te lieden. Johanna hat oare prioriteiten no't se mem is, en mei de Onnie's yn it fermidden witte je noait hoe't de wyn waait. De leafde tusken Roos en Joost wurdt swier op 'e proef steld en de nije bemanningsleden út Frisum soargje foar de nedige konsternaasje. It wurdt wer in wike fol ferrassingen. Mei Wyn fan...
Fictie
Westerlauwers Fries | 224 pagina's (ePub2, 1,1 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Antoine de Saint-Exupéry Nachtflecht
'Alles wat Saint-Exupéry fertelt docht er mei kennis fan saken. Dat er persoanlik hieltyd mar weroan yn nuodlike situaasjes in oplossing sykje moat, jout syn boek in autentike en ûnneifolgbere bekoaring. Dit ferhaal bewûnderje ik om syn literêre wearde en om't it in weardefol dokumint is. Dy beide kwaliteiten dy't op sa'n ûnferwachte wize gearfoege binne, jouwe oan Nachtflecht syn bûtengewoane betsjutting.' André Gide Vol de nuit is de ferneamdste roman fan De St. Exupéry en waard yn 1941...
Fictie
Westerlauwers Fries | 130 pagina's (ePub2, 0,6 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book
Waatze Gribberts brulloft
Waatze Gribberts Brulloft is in rûch ferhaal oer simpele harry's. Se sûpe, se frette en se tjirgje har en dochs bedoele se it net ferkeard. Bejubele yn 'e 18e iuw, ôfkreake yn 'e 19e iuw. Wat fine jo derfan, yn 'e 21e iuw? It Libben fan Aagtje IJsbrants is in humoristysk ferhaal oer pratende pronkjende froulju. It lit sjen hoe't Aagtje harsels foar de gek hâldt en jout in prachtich byld fan it libben op it plattelân foar de yndustriële revolúsje. Bron: Flaptekst, uitgeversinformatie
Non-fictie
Westerlauwers Fries | 162 pagina's (ePub2, 0,8 MB) | Elikser, Leeuwarden | 2017
E-book